|
|
|
| Materiaal by Tsjek TV: Tsjeknijs |
 |
|
Dit skoaljier ferskynt alle wiken Tsjeknijs, in krantsje dat heart by it tv-programma Tsjek TV fan Omrop Fryslân. Tsjeknijs (fjouwer siden) is in soart fan ferwurking by de tv-útstjoering en bedoeld foar de boppebou fan de basisskoalle. Sintraal stiet begripend lêzen yn it Frysk.
|
| Sjongfestival foar Bern 2012 |
 |
|
Ien kear yn de twa jier organisearje Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslân it Sjongfestival foar Bern. Learlingen út de heechste groepen fan it basisûnderwiis sjonge lieten dy’t skreaun binne troch profesjoniele tekstdichters en komponisten. Yn jannewaris 2012 krije alle Fryske basisskoallen wer berjocht. De finale is op 25 maaie 2012 de jûns yn teater De Lawei.
Mear ynformaasje oer it Sjongfestival foar Bern
|
|
|
| Troch mei talen |
|
Yn Feanwâlden, gemeente Dantumadiel, wurkje alle foarskoalske en skoalske ynstânsjes mei elkoar gear om te kommen ta in optimale taalûntwikkeling. Fanôf it earste libbensjier oant en mei groep 8 is der strukturele, trochgeande oandacht foar de meartalige ûntwikkeling fan it bern. Konsultaasjeburo, bernedei-opfang, pjutteboartersplak en basisskoallen hawwe geregeld oerlis en wurkje fanút ien fisy oan de talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De film Troch mei talen jout in dúdlik byld fan dy oanpak.
Sjoch hjir foar mear foarbylden fan 'Goed Practise'. (Klik op de ôfbylding om it filmke te iepenjen)
|
| Mear ynfo oer de Trijetalige Skoalle |
|

- Klik op de ôfbylding om it boekje 'De Trijetalige Skoalle' te downloaden. (PDF)
- Klik hjir om it dokumint 'Achtergrond van het project 3TS' te downloaden. (PDF)
|
|
|