Tsjeknijs: materiaal foar Frysk deidiel (filmke en pdf)

Tsjeknijs slút oan by Tsjek TV, it skoaltv-programma foar de boppebou fan it basisûnderwiis, makke troch Omrop Fryslân. Tsjeknijs biedt jo de mooglikheid om op in oansprekkende manier oan de kearndoelen fan begripend lêzen te wurkjen, al pretindearret Cedin/Taalsintrum Frysk net om mei Tsjeknijs in folsleine begripend lêzen metoade te bieden. It is oanfoljend materiaal, foar sawol begripend lêzen as Frysk lêzen. It is dan ek poer geskikt foar Fryske deidielen.  

 

It kommende skoaljier giet it noch om in pilot. Dêrom kinne alle skoallen no noch in fergeze klasseset bestelle fia Dit e-mailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft JavaScript nodig om het te kunnen bekijken .

 

Sjoch hjir it filmke wêryn't Tsjeknijs presintearre wurdt en hjir de pdf fan it earste nûmer fan Tsjeknijs.